Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Âlder-bernpartij
Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea
Âlde Hap Partij KNKB manlju 50+ frije formaasje AB
Op 12 mei 2024 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
DLG-on-tour Pearkekeatsen
Op 25 mei 2024 om 11:00 uur
locatie: Poppenwier
In lintsje foar Gerrit Koudenburg
vrijdag 26 april 2024
Fannemoarn om 9 oere struts Jannewietske, boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân, del yn Goaiïngea oan De Boppeslach. Reden: ús net-mear-keatsend-lid Gerrit Koudenburg krige it lintsje 'Lid in de Orde van Oranje Nassau' opspjelde troch ús krekt wer foar seis jier beneamde boargemaster; de iennichste boargemaster yn ús lân dy't oantsjutten wurdt mei har foarnamme. Mar genôch oer hár!
Gerrit har jierrenlang, foaral yn de earste 25 jier fan ús club, aktyf west op allerhanne gebiet binnen de keatserij yn Goaiïngea e.o.
Tsien jier wie hy bestjoerslid, jierrenlang lid fan de jeugdkommisje, as trener, as begelieder fan partoeren, as lid fan de redaksje S&B, as mei-skriuwer fan it jubileumboek. Jierrenlang kaam hy ek út foar ús ôfdieling op de CFK-bûnspartij. Dêrnêst hat Gerrit aktyf west en is dat noch op tsjerklik gebiet, as buordeskriuwer by bertes en as tekener, ja, op hokker gebiet wie nét aktyf! Hy hie faak in protte ballen tagelyk yn 'e loft te hâlden!
Trûbadoer Bruno Rummler - hy keatste foarich jier noch mei op in kompetysjejûn - song in tapaslik liet by de doar fan Gerrit en Margje, foardat Gerrit it lintsje opspjelde krige.
Fan herte Gerrit!
Nieuws
Jelke, Amerins en Age yn 'e krânsen - moai fris begjin fan seizoen 2024
zaterdag 27 april 2024
...
Lees meer...